Jacobi stipet anty-PVV aksje

PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi
PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea stipet by de Steateferkiezings yn maart de anty-PVV-kampanje fan de AFA, de anty-faksistyske aksje. De AFA fynt guon stânpunten fan 'e PVV diskriminearjend en de kant op gean fan ekstreem rjochts. De antifaksisten sille dêrom yn de oanrin nei de Steateferkiezings demonstrearje tsjin de PVV en har beleid.
Yn in mail oan de AFA lit Keamerlid Jacobi witte dat se achter de aksje stiet.