Lykspul Hearrenfean tsjin NEC
Sportklup Hearrenfean hat mei 2-2 lykspile tsjin NEC. Yn Nijmegen wie de earste helte net om oan te sjen, mar de twadde helte makke alles goed.
Yn in tiidsbestek fan twa minuten kaam NEC op 2-0. Leroy George knalde de earste yn de krusing. Lasse Schöne makke de 2-0. In minút letter kopte Grindheim de 2-1 binnen. It waard in oantreklik duel mei benammen in soad kânsen foar Hearrenfean. Twa minuten foar tiid gong in skot fan Beerens fia Van Eijden yn de goal: 2-2.
Trefwurden:
argyf