Omrin: 'Net yllegaal hannele'

28 aug 2010 - 18:33

Neffens ôffalferwurker Omrin wie der gjin sprake fan yllegale bouwurksumheden oan de ferbrâningsoven yn Harns.

Sneon waard bekend dat op oantrunen fan de plysje wurk oan in stoomlieding stillein is. Dat wurk soe yn striid wêze mei it beslút fan de gemeente Harns. Omrin seit dat it beslút fan Harns om de fergunning foar de wurksumheden yn te lûken net mei Omrin kommuniseard is. Moandei giet it wurk fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)