Ferlies foar Harkemase Boys

28 aug 2010 - 17:42

Harkemase Boys kaam der sneon net oan te pas by de Rijnsburgse Boys. De Harkiten ferlearen mei 3-0. De einstân wie al by rêst berikt troch goals fan Jeffrey Winter, Peter Freke en Bennie van Noord.

Harkemase Boys wie net by machte om in fûst te meitsjen. De Boys debutearden ferline wike sterk yn de topklasse troch mei 3-1 fan kampioen IJsselmeervogels te winnen, mar koene dy lijn net trochlûke. Tiisdei spylje de Boys thús tsjin Flevo Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)