MFC De Beijer wer iepen

28 aug 2010 - 17:10

It nije multyfunksjonele sintrum de Beijer yn Rinsumageast is sneon offisjeel weriepene. Doarpshûs de Beijer gong yn 2007 troch in brân folslein ferlern. De brân ûntstie troch in sigrettepeuk yn in plestik ôffalbak en dêrom woe de fersekering ynearsten net útkeare. Der waard gewoan úteinset mei de nijbou, want Rinsumageast kin net sûnder doarpshûs.

Yn it nije MFC sitte ek in sporthal, it pjutteboartersplak, de basisskoalle en noch folle mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)