Soad folk op Fiskerijdagen

28 aug 2010 - 16:16

Nettsjinsteande it reinige waar hawwe de Fiskerijdagen yn Harns sneon tsientûzenen besikers lutsen. De organisaasje fan it evenemint is dan ek tige tevreden. Sneon stie de Noardseefiskerij sintraal.

Belangstellenden koene yn de haven oan board stappe fan fiskersboaten en har ynformearje litte oer de nijste fiskmetoaden. De Fiskerijdagen wurde sneontejûn ôfsletten mei in iepenloft popkonsert en in grut fjoerwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)