Brân yn taksybuske Ljouwert

28 aug 2010 - 13:40

De plysje ûndersiket in autobrân oan de Boomgaardstrjitte yn Ljouwert. In taksybuske rekke freedtenacht swier skansearre. In buertbewenner seach it buske brânen en warskôge de brânwacht, dy't it fjoer al gau ûnder kontrôle hie.

De plysje slút brânstichting net út en siket dêrom om tsjûgen fan de brân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)