GrienLinks: chipkaart útstelle

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan GrienLinks wol dat de ynfiering fan 'e OV-chipkaart yn Fryske bussen útsteld wurdt. De bedoeling is dat de OV-chipkaart op 21 oktober ynfierd wurdt. Fan dat momint ôf kinne strippekaarten net mear brûkt wurde. Neffens GrienLinks ha lang net alle bussen noch de needsaaklike apparatuer. Ek binne der mar kwalik oplaadpunten foar de chipkaart.
Yn fragen oan deputearre steaten easket de partij de garânsje dat alles wurket foar de chipkaart ynfierd wurdt.