Feanster ferwûne yn Kornhorn

28 aug 2010 - 10:46

In 15-jierrige bromfytser fan Surhústerfean is freedtejûn ferwûne rekke yn it Grinzer Kornhorn. De jonge ried op de Witsreed frontaal op in bromfytser fan 14 jier út Kornhorn. De Feanster rekke bewusteleas en is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehús fan Grins brocht.

Beide jonges hiene gjin ljocht oan en hiene ek gjin brommersertifikaat. Se hiene beide wol in helm op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)