Strjitfestival Drachten skrast
It strjitfestival de Oversteek dat snein hâlden wurde soe op de Kade yn Drachten giet net troch. De organisaasje hat it feest skrast om't de waarfoarsizzings striemin binne.
It soe dan net ferantwurde wêze minsken op strjitte rinne te litten. It is noch net dúdlik oft it op in letter momint al troch giet.