Ljouwert skrast útkearings

27 aug 2010 - 18:45

Goed hûndert minsken mei in útkearing yn de gemeente Ljouwert wurde koarten op har útkearing of ferlieze dy sels. Sy kamen net nei in manifestaasje dy't organisearre wie om minsken mei in útkearing wer oan wurk te helpen.

Neffens de gemeente Ljouwert binne sy ferskate kearen oproppen mar komme se gewoan net. Fan de minsken dy't al ôfkamen op de byienkomsten hawwe goed 400 wurk fûn. De wurkleazens yn Ljouwert naam it ôfrûne jier mei tweintich persint ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)