Ljouwert wol de Alde Feanen

27 aug 2010 - 17:14

Boargemaster Crone fan Ljouwert wol de striid oangean om natoergebiet De Alde Feanen. It gebiet heart no by Boarnsterhim, mar as dy gemeente ferdwynt dan sil it oergean nei Tytsjerksteradiel. Alteast, dat is it plan fan boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim. Alles noardlik fan it PM-kanaal giet nei Ljouwert, útsein dus De Alde Feanen.

Crone fynt dat net terjochte en hopet de polityk yn Boarnsterhim noch op oare gedachten te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)