Trion sil gemeentehûs himmelje

27 aug 2010 - 11:18

Fan 1 septimber ôf sille meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Trion it gemeentehûs fan Dantumadiel en it gebou fan gemeentewurken yn Damwâld skjinmeitsje. Himmelje is in nije aktiviteit foar Trion. Meiwurkers fan himmelbedriuw Vlietstra út Frjentsjer sille de minsken fan Trion begeliede. De gearwurking soarget der foar dat meiwurkers fan Trion sa ûnderfining opdwaan kinne yn de skjinmakbrânzje en dat se ek ferskate sertifikaten helje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)