It Fean: ynbrekker trappearre

27 aug 2010 - 11:02

In 34-jierrige bewenner fan in wente oan de Aengwirderwei op It Hearrenfean hat tongersdeitenacht in ynbrekker op de die betrape. De bewenner hearde lûden by de bûtendoar fan syn sliepkeamer en gie op ûndersyk út. Hy trof de ynbrekker en spruts him oan.

Mar dy gie op 'e flecht. De plysje hat noch yn de omjouwing socht nei de ynbrekker, mar dizze waard net mear oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)