Ljouwerter fan fyts berôve
In 18-jierrige Ljouwerter is justerjûn op de Egelantierstrjitte yn syn wenplak bestellen fan syn fyts. In foar him ûnbekende man kaam op de Ljouwerter ôf en rôp dat hy syn fyts en al syn oare guod ôfjaan moast.
De Ljouwerter liet dêrop syn fyts falle en naaide út. De ûnbekende hat de fyts meinaam.