Jans wiziget neat tsjin NEC

Ron Jans sil deselde basisalve tsjin NEC it fjild ynstjoere as ferline wike tsjin NAC Breda. Dus mei Viktor Elm op it plak fan Filip Djuricic. Calvin Jong-A-Pin foarmet mei Michel Breuer opnij it sintrale duo.
Foar Michal Papadopulos, dy't omsjen mei nei in oare klup, is ynteresse fanút Grikelân en Dútslân. Mar de oanfaller hat by de klup oanjûn dat hy it leafst oant de winterstop ta bliuwe wol. As syn sitewaasje yn jannewaris net feroare is, dan wol hy fuort.