Heal miljoen foar stoomtrein

26 aug 2010 - 20:21

De plannen foar in stoomtreinferbining tusken Snits en Starum kinne rekkenje op in heal miljoen euro ekstra subsydzje fan it ryk. Dat hat minister Eurlings tasein nei fragen fan CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe.

It jild is bedoeld foar oanpassings oan it spoar. Dy binne nedich troch feiligenseasken fan spoarbehearder Pro Rail. Dy oanpassings kosten safolle, dat it hiele projekt faai kaam te stean. Mei de bydrage fan it ryk kinne de plannen dochs trochgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)