Skea ôfsizzen Rieu falt ta

26 aug 2010 - 20:00

It ôfsizzen fan it konsert fan André Rieu sil net in soad finansjele skea opsmite foar Thialf. In dikke 8.000 minsken hiene al in kaartsje kocht foar it konsert dat Rieu sneon hâlde soe yn it iisstadion.

Dit giet net troch omdat de fioelist bot lêst hat fan it lykwichtsorgaan. It konsert wurdt ferskood nei 16 april 2011. De kaarten bliuwe jildich. Thialf rint allinich wat jild mis trochdat de hoareka al regele wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)