Freondinne Sietske wol kontakt

It hûs yn Nij Beets is wer frij jûn
De bêste freondinne fan Sietske H. fan Nij Beets is bliid dat se wer kontakt mei elkoar ha kinne. Tongersdei gie de beheining der ôf en mei de 25-jierrige Beetster dy't fertocht wurdt fan it dea meitsjen fan har fjouwer poppen besite ûntfange yn de finzenis yn Swolle. Har freondinne sit fol fragen.
Se begrypt mar net dat se as freonen nea sjoen ha dat Sietske fjouwer kear swier wie. De freondinne hie hiel graach wollen dat Sietske by har kaam wie. Dan hie se helpe kinnen.