Boarnsterhim yn trije stikken

26 aug 2010 - 14:30

De gemeente Boarnsterhim wurdt opdield yn trije parten. Alles oan de noardkant fan it Prinses Margrietkanaal giet nei de gemeente Ljouwert. De súdkant fan de gemeente giet nei Hearrenfean.

Natuergebiet De Alde Feanen is in ferhaal apart. Dat diel giet nei Tytsjerksteradiel. Dit is it foarnimmen fan it kolleezje fan B. en W. fan Boarnsterhim. De útkomst falt ôf foar de gemeente Skarsterlan. Dy woe Terherne der graach by hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)