Tredde baby-otter fûn

dit jong waard woansdei al fûn
Yn de buert fan Munnikebuorren by de Rottige Meenthe is woansdeitemiddei in tredde baby-otter fûn. Eigner Auke Kuipers fan edukaasjesintrum De Rietnymf fûn it jonge bist by in sleat. Earder dizze wike binne har broerke en suske yn dy buert fûn. Nei alle gedachten is de mem dea en swalken dizze bisten los fanelkoar om yn it natoergebiet de Rottige Meente.
Alle trije binne oerbrocht nei otterdeskundige Addy de Jongh yn Ljouwert.