Net folle aksje foar Pakistan

Yn Fryslân rint it ek net stoarm mei aksjes foar de slachtoffers yn Pakistan, lykas by rampen as de tsunami en Haïty.
Yn de moslimwrâld wurde ek gjin grutte ynsammenaksjes hâlden. Benammen de ûnwissichheid oer it optreden fan it regear yn Pakistan en de opkomst fan de Taliban set in rem op it entûsjasme om yn aksje te kommen of de beurs te lûken. Lanlik is der oant no ta goed 8 miljoen ophelle.