Soad bûtenboardmotors stellen

rôversguod is it............
De plysje Fryslân sjocht de lêste wiken in sterke taname fan stellerij fan bûtenboardmotors. Yn de hiele provinsje binne tsientallen eksimplaren stellen. Rubberboaten fan it type Zodiac binne ek populêr by de dieven. De stellerij fynt foaral plak yn de buert fan De Lemmer, Snits, Grou en Earnewâld en dan benammen yn havens en fearten dêr't gjin tasicht is.
De plysje ropt dan ek op om by fertochte omstannichheden direkt mei 112 te beljen.