Sietske H. mei famylje sjen

De linten koene fuort helle wurde
Sietske H. út Nij Beets, dy't fertocht wurdt fan it om it libben bringen fan fjouwer fan har eigen poppen mei wer mei har famylje prate. Se mei ek wer kranten lêze en radio en TV folgje.
Dat hat de rjochter tongersdei bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch har advokaat. Dy fûn it net langer rjochtfeardige dat Sietske H. allinnich mei har advokaat prate mocht. It iepenbier ministearje hat dat neffens in wurdfierder los fan de útspraak fan de rjochter ek bepaald.