Spul oer botulisme Ljouwert

In ein mei ferlammingsferskynsels troch de botulisme (foto argyf)
Alle belutsen partijen skowe de ferantwurdelikheid foar de deade fûgels by de nije kenniskampus yn Ljouwert nei elkoar ta.
Neffens de Fûgelbeskerming binne tsientallen fûgels deagien troch botulisme en dat soe it gefolch wêze fan in rige fan flaters by de nijbou fan de kenniskampus. In wurdfierder fan dy kampus seit lykwols dat de gemeente Ljouwert ferantwurdelik is foar it wetter dêr, mar de gemeente wiist op syn beurt nei de hegeskoallen.