Mishanneling yn Wergea

In 36-jierrige man út Wergea hat woansdeitemiddei syn 45-jierrige freondinne op de Nieuwoldstrjitte oan it hier oer de strjitte lutsen. De man hie yn de hûs rûzje krigen mei syn freondinne út Ljouwert en dy rûzje gie bûtendoar fierder.
Buertbewenners wiene tsjûge fan de fjochteraasje en warskôgen de plysje. De Wergeaster waard oanholden op fertinking fan mishanneling en húslik geweld.