Jonkje fuort en ek wer teplak

26 aug 2010 - 10:21

Der is woansdeitejûn op De Lemmer troch de plysje socht nei in 11-jierrich jonkje út dat plak. It jonkje hie middeis it âlderlik hûs ferlitten om nei in pleats yn de polder te fytsen.

Doe't it jonkje jûns noch net thús wie belle syn mem de plysje. Der waard ek in oprop dien fia Boargernet. Uteinlik kaam it Lemster jonkje út himsels wer thús.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)