Plysje pakt Roemenen op

26 aug 2010 - 09:59

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitejûn twa Roemenen oanholden yn ferbân mei in ynbraak yn in winkel oan de Lieuwenburg yn de wyk Cammingaburen. In tsjûge seach dat der ynbrutsen waard by de winkel en belle de plysje. Dy wie gau te plak en koe de dieders yn de omjouwing oanhâlde.

De auto fan de beide mannen is yn beslach naam en it duo is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)