Wurk Omrin oan brêge stillein

© Omrop Fryslân
Offalferwurker Omrin krijt gjin tastimming fan de gemeente Harns om noch saken ôf te meitsjen oan de liedingbrêge fan de ôffalsintrale yn Harns. In goed wike lyn hat de gemeente de boufergunning foar de liedingbrêge en twa gebouwen ynlutsen. Dat binne ûnderdielen fan de sintrale.
Omrin hie dêrnei noch in fersyk yntsjinne om wat isolearjende wurksumhedem útfiere te meien, mar de boustop is pas foarby as der in jildige boufergunning is.