Optocht Garyp útsteld

26 aug 2010 - 07:11

De allegoaryske optocht yn Garyp giet tongersdei net troch yn ferbân mei it minne waar. De optocht stiet ekstra yn de belangstelling troch in grap fan buertferiening De Westerein yn Garyp.

Ein foarige wike waard in berjocht de wrâld ynstjoerd dat Garyp Roma sigeuners opfange woe dy't Frankryk útset waarden. Dat alles hat te krijen mei it tema fan de buertferiening foar de optocht. Hûnderten negative reaksjes wiene it gefolch. De optocht sil no moarnier en moarntejûn plakfine

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)