Stoomtrein Snits giet troch

25 aug 2010 - 19:27

De stoomtrein tusken Snits en Starum komt der. In tekoart oan jild en problemen mei de feiligens binne oplost. De komst fan de stoomtrein waard bedrige troch in tekoart fan 1 miljoen euro. Dêrneist moasten by it stasjon fan Snits oanpassings dien wurde oan it spoar om ûngelokken mei de reguliere treinen fan Arriva foar te kommen. De provinsje en de stifting Friese Stoomtreinen meitsje freed bekend hoe't se ta in oplossing kaam binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)