Kampanje feilich nei skoalle

25 aug 2010 - 16:42

Yn Fryske Peallen is woansdei begûn mei de aksje 'Wij gaan weer naar school'. Automobilisten wurde mei spandoeken warskôge dat bern wer nei skoalle rinne of fytse. Sjauffeurs moatte nei de fakânsje wer wenne oan skoalbern yn it ferkear. Dêrtroch ûntsteane ûngelokken en dat wol VVN foarkomme.

Op basisskoalle De Skâns wie it startskot fan 'e Noardelike kampanje. Bern dielden aansichtkaarten út en de spandoeken waarden ophongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)