Afke Hijlkema wint op 2e list

25 aug 2010 - 16:26

De favoryt Afke Hijlkema hat de wedstriid op de twadde list wûn. Op de frouljus PC yn Weidum stie se mei Sjoukje Visser en Maaike Wind te keatsen tsjin it partoer fan Joukje Kuperus, Renske Terwisscha van Scheltinga en Margriet Bakker. It wie in spannende partij. Afke en dy kamen sels achter tsjin de earsteklassers, mar kamen wer werom yn de partij.

Afke Hijlkema stiet yn de heale finale tsjin Lisette Wagenaar want dy wûn fan Maaike Joostema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)