Undúdlikens oer opfang húsdier

25 aug 2010 - 11:26

De Fûgelhelling yn Oerterp moat húsdieren dy't se krije nei it asyl yn Drachten bringe. Dat is in betingst fan de gemeente Opsterlân. Der leit in ôfspraak dat De Swinge yn Drachten de húsdieren krijt, mar yn de praktyk komme der in soad by de Fûgelhelling om't dy bekender is.

Ferline jier gie it om 550 húsdieren, dat is in rekôr. De Fûgelhelling moat prate mei de De Swinge. Der moat in kampanje komme om dúdlik te meitsjen wêr't húsdieren hinne moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)