Ungelok op rotonde De Jouwer

By in ûngelok op de rotonde fan De Jouwer rekke woansdei in man (39) út Brabân ferwûne. Hy botste op in frachtwein. Troch de oanriding kaam de auto yn de feart telâne. De man rekke beknypt yn de auto. De traumahely waard oproppen om't er pine op it boarst hie. De brânwacht hat him út de auto helle en hy is mei de sike-auto nei it sikehûs brocht.
It ûngelok wie op de bypass fan de A6 nei de A7. It ferkear kin mei fertraging wol op de rotonde ride.