Opknapbeurt foar Knooppunt

© Omrop Fryslân
It buerthûs Het Knooppunt yn Ljouwert wurdt foar goed 3,5 ton opknapt. It gebou oan de Knoopstrjitte is ferâldere. It grutste part fan it jild komt fan wenningkorporaasje Woon Friesland. Ek de gemeente betellet in heale ton mei.
De wenningkorporaasje hat flakby it wykgebou in kompleks fan 55 senioarewenten delset. It plan is dat dizze bewenners aktiviteiten dwaan kinne yn it renovearre gebou.