Boat yn trije stikken seage

Yn trije stikken waard tiisdei in boat út Harns op in grut frachtskip nei Dútslan ferfierd. De HA17 hat jierren tsjinst dien yn de skelpefiskerij, mar yn dy brânzje wie net mear genôch te fertsjinjen.
De boat is nei fjouwer jier úteinlik ferkocht oan in Dútsk swimbad. Dy wol de boat as attraksje ha. Der sil ûnder oare in restaurant en bratwurstetinte ynkomme. Sneon moat de boat oankomme yn Dútslân en nije wike wurdt it skip omboud.