Spul oer wentsjes B'sweach

Bewenners fan de âldereinwenten oan de Vlaslaan yn Beetstersweach meitsje har grutte soargen oer de takomst fan de wenten. Der lizze al jierren plannen it kompleks yngreven te fernijen, mar it komt der mar net fan. Dizze simmer soe eigner Mooiland Vitalis de knoop trochhakke, mar dat is wer útsteld.
De gemeente Opsterlân hat skjin syn nocht fan it op de lange baan skowen fan de plannen en trunet der by Mooiland Vitalis op oan om no ris troch te pakken.