Waarberjocht: swiere buien

24 aug 2010 - 17:54

De kommende oeren komme der swiere buien oer de provinsje, mei dêryn hagel, tonger en swiere wynstjitten. It ferkear en de wettersporters moatte dêr goed rekken mei hâlde. Nei 8 oere wurdt it rêstiger en yn de rin fan de jûn komme der opklearrings en nimt de wyn stadichoan ôf.

Moarn wurdt it in knappe dei, it is dan droech en we sjogge de sinne ek. de wyn is dan noch matich oant krêftich. Moarntejûn wurdt it wer wiet en dat bliuwt it tongersdei ek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)