Sloop âlde HTS op skema

24 aug 2010 - 16:20

De sloop fan de âlde technyske hegeskoalle oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert leit op skema. It terrein moat yn oktober hielendal flak wêze. De sloop fan de skoalle is in hiele toer, omdat al it materiaal dat frijkomt op 'e nij brûkt wurde moat.

In oar probleem is de lûdsoerlêst foar it neistlizzende Vosseparkwyk. Mei in lûdswâl wurdt besocht safolle mooglik lûd tsjin te hâlden. Ek is der geregeld oerlis mei de bewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)