Sietske H. wol famylje sjen

It hûs dêr't Sietske H. wenne
Sietske H. fan Nij Beets, dy't derfan fertocht wurdt dat se fjouwer fan har poppen om it libben brocht hat, wol graach wer prate mei famylje en freonen. Op dit stuit mei de 25-jierrige Sietske H. allinnich mei har advokaat prate.
De fertochte wol lykwols graach wer mei famyljeleden en freonen yn kontakt komme. Har advokaat hat dêr in fersyk ta dien. Woansdei nimt de riedskeamer fan de rjochtbank dêr in beslút oer. .