Wetterkearing Harns klear

24 aug 2010 - 14:03

Yn Harns is tiisdeitemiddei it wurk oan de nije wetterkearing offisjeel ôfmakke. De dykgraaf fan it wetterskip hat foar de earste kear de roldoar yn de nije muorre tichtdien. Hy die dat mei help fan de deltakommissaris Wim Kuijken.

Fierder wiene der 150 skoalbern útnoege om de offisjele ôfsluting mei te meitsjen. Sy krigen foarljochting oer wat der allegear nedich wie om it projekt klear te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)