Mercedes stellen op De Jouwer

24 aug 2010 - 13:55

De swarte Mercedes fan in 58-jierrige man út Rutten is moandei oan de Sinnebuorren op De Jouwer stellen. De dief wist de kaaien te stellen út it jaske fan de man. Dy hie syn jas oer it skouder slein.

De plysje hâldt der rekken mei dat de dief de man in skoftke yn de gaten hâlden hat. It giet om in lease-auto mei it Dútske kenteken HH-AL-8185.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)