Syktocht nei jonge otter

Steatsboskbehear en frijwilligers hoopje noch in jonge otter te finen fan maksimaal twa moannen âld by Skoattersyl. Ferline wike is dêr in wyfke deariden en moandeitejûn is der al ien jonge otter fûn en nei in opfanglokaasje brocht.
De kâns is grut dat der noch ien hiele jonge otter rint, dy't in soad ferlet hat fan iten, dat der net mear is. Yn natoergebiet de Rottige Meenthe, tichtby Skoattersyl, binne otters útsetten.