Ynbraken yn twa hoarekasaken

Yn twa hoarekasaken yn De Jouwer is moandeitenacht ynbrutsen. It giet om bedriuwen oan de Zijl en de Appelwyk. Yn de saak oan de Zijl binne twa gokkasten iepenbrutsen en rollen mei muntjild stellen. By de twadde saak trapearre in 51-jierrige man út Snits de twa dieven.
De ynbrekkers naaiden út. De Snitser koe ien fan harren noch te pakken krije, mar moast de man nei in koarte wrakseling wer gean litte.