Skiep fuort út Noarderleech

24 aug 2010 - 11:16

Sa goed as alle skiep binne fan sneintejûn ôf út de kwelders helle by ûnder oare it Noarderleech fanwege it hege wetter dat tiisdei ferwachte wurdt. De boeren ha sa'n 2500 oant 3000 tûzen skiep fuorthelle en nei de simmerpolders brocht.

Der rinne noch wol wat hokkelingen en hynders yn de kwelder, mar dy wurde yn de gaten holden. It gebeurt net sa faak dat it fee der simmerdeis al út moat. Mar de lêste jierren wurdt it waar hieltyd ekstremer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)