Oerlêst troch omwaaide beammen

24 aug 2010 - 10:33

De plysje, brânwacht en gemeenten hawwe it moandei drok hân mei it opromjen fan omwaaide beammen en takken troch de hurde wyn. Yn Ljouwert foel in beam tsjin in flat en rekken auto's swier skansearre troch omwaaide beammen.

Yn Bakkefean foel in takke op in auto en yn Appelskea drige in beam op in caravan te fallen. Yn Snits en Burgum waarden ruten troch de hurde wyn fernield. Der rekken gjin minsken ferwûne by alle foarfallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)