Ynbraak Drachten oplost

24 aug 2010 - 10:04

Mei de oanhâlding fan fjouwer mannen hat de plysje in ynbraak yn Drachten oplost. De eigner kaam de dieven sels op it spoar doe't de spullen dy't stellen wiene op it ynternet te keap oanbean waarden. De man skeakele de plysje yn. Dy fûn de stellen spullen werom yn it hûs fan in 25-jierrige Drachtster. De man is oanhâlden.

Fierder binne in 28-jierrige Drachtster, in 25-jierrige man út De Rottefalle en in 22-jierrige man sûnder fêst wenplak oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)