Wylde hûnen op transport

23 aug 2010 - 21:15

Twa dingo's wurde tiisdei fanút Nijeberkeap oerbrocht nei Australië. It is foar it earst dat dat lân Dingo's ymportearret. Dingo's binne Australyske wylde hûnen. Foarich jier april kamen de bisten by Pantera, omdat der yn Roemenië net goed op past waard. It doel wie doe om de hûnen nei in healjier te ferhúzjen nei it thúslân fan de bisten.

De bisten moasten lykwols hast in jier yn karantêne en allegear kontrôles ûndergean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)