Oerlêst fan ôffalkonteners
Sûnt begjin dit jier steane yn Feankleaster op in parkearplak ferskate ôffalkonteners mei hûssmoargens út Kollumerlân. Doarpsbewenners ha twa moanne lyn de gemeente frege de konteners fuort te heljen, mar sûnder sukses.
Neffens de gemeente is de fergunning noch net rûn om de konteners nei it oerslachstasjon yn Kollum te bringen.